ENROPE

Project Summary

ENROPE

Europeesk netwurk foar junior ûndersikers op it mêd fan meartaligens en edukaasje

ENROPE is in ynternasjonaal, koöperatyf projekt dat rjochte is om heechweardige kwalifikaasje- en netwurkstruktueren oan te bieden foar junior ûndersikers op it mêd fan taaledukaasje en meartaligens. It ENROPE-projekt wurket op it reitsflak fan ûndersyk nei taaledukaasje en taalûnderwiis. ENROPE befoarderet op ûndersyk basearre en oan ûndersyk relatearre ûnderwiisûntwikkeling dy’t rekken hâldt mei de taalekology fan klassen en harren omjouwingen.

ENROPE
   

Hjoeddeistige Europeeske mienskippen wurde karakterisearre troch in tanimmend ferskaat oangeande talen, kulturele foarkar en de opkomst fan sosjo-ekonomyske kânsen dy’t oer nasjonale, kulturele of taalgrinzen gean. Dêrom is it oer it algemien akseptearre wurden dat talen kânsen biede foar ekonomyske, politike en kulturele partisipaasje foar Europeeske boargers. Taal ûnderhâldt sosjale gearhing en, net ûnbelangryk, persoanlike groei. Om dy reden hat de EU edukaasjebeliedsmaatregels oannommen ─ en stipet dy ek ─ foar de edukaasje rjochte op meartalige boargers yn de fûnemintele meartalige wrâld fan hjoeddeistige Europeeske mienskippen. 

Edukaasje rjochte op meartaligens heart ta de kearn fan Europeeske yntegraasje en is nau ferbûn mei it stribjen foar sosjo-ekonomyske, politike en kulturele kânsegelikens. Yn dat ljocht besjoen liket it frij problematysk dat it fakgebiet fan frjemde tale-ûnderwiis oer it algemien it ientalige karakter beholden hat: frjemde tale-ûnderwiis is in kwestje bleaun fan nasjonale kultueren, nasjonale ûndersykstradysjes en nasjonale edukaasjesystemen. De opfetting dat de lessen fan ferskillende talen allinnesteande en ôfsûnderlike systemen binne stiet eins bûten kiif, lykas it ûnderwiisbelied en praktiken oangeande lokale talen. Junior ûndersikers dy’t yn it fakgebiet stappe oan it begjin fan harren karriêren treffe dat fjild oan yn in paradoksaal ientalige steat.

Duorsum netwurk

Intensive Study Week, Berlin (June 2019)

It ENROPE-projekt wurket op it reitsflak fan ûndersyk nei taaledukaasje en taalûnderwiis. Meartaligens as in sosjale en persoanlike werklikheid foarmet de grûnslach. Dêrom moediget ENROPE ûndersikers en learkrêften fan frjemde talen oan om in meartaliger tinkbyld en in profesjoneel hâlden en dragen te ûntwikkeljen dy’t ûndersyk nei taalûnderwiis en taalûnderwiispraktiken reflektearje dy’t rekken hâlde mei de maatskiplike en yndividuele meartaligens. It projekt rjochtet in duorsum netwurk op foar junior ûndersikers yn frjemde tale-edukaasje en stribbet nei de ûntwikkeling fan profesjonele identiteiten dy’t sterk en oertocht binne.

As part fan dat doel kreëarret ENROPE in Yntinsyf Stúdzjeprogramma (Intensive Study Programme, ISP) dat junior ûndersikers foarsjen sil fan kânsen foar gearwurking oer de grins en profesjonele kwalifikaasje. De ISP bestiet ien stúdzjewike per jier (Intensive Study Weeks (ISW)), dy’t mei-inoar ferbûn en fersterke wurde mei reguliere online stúdzjefazes en dy’t gearwurking en kwalifikaasje oanmoedigje op twa oerlaapjende nivo’s: 1) spesjalistyske tematyske útwikseling en refleksje fan ûndersykspraktiken oangeande meartaligens en 2) refleksje en ûntwikkeling fan de ûndersikers harren eigen profesjonele identiteiten mei it each op meartaligens. Sadwaande kombinearret it projekt profesjonele kwalifikaasje troch gearwurking mei in pedagogyske aginda basearre op ûnderfiningsrjochte learen en refleksje.

Profesjonele ûntwikkeling

Europe ENROPE partners
  

ENROPE garandearret in ynter- en transdissiplinêre omjouwing foar akademyske útwikseling en refleksje troch junior ûndersikers fan ferskillende dissiplinen dy’t harren dwaande hâlde mei ûndersyk nei taaledukaasje byinoar te bringen. ENROPE’s Multiplier Events (MEs) foarmje in ekstra platfoarm foar kennisútwikseling en de presintaasje fan de produkten fan it projekt. Troch te rjochtsjen op de doelgroep fan edukative ûndersikers en, vice versa, op learkrêften dy’t ûndersyk dogge, benut it projekt de mienskiplike fersterking fan ûndersyk en edukaasje. Omdat de gebrûklike karriêres yn ûndersyk nei taaledukaasje ornaris skommelje tusken de domeinen fan taallearen en ûndersyk, produsearret it projekt in Kwalifikaasjehânboek foar ûndersikers en begelieders om de kwalifikaasje, it oanwerven en de seleksje fan oansteande faklju en lieders yn taaledukaasje te ferbetterjen. ENROPE befoarderet ûnderwiisûntwikkeling dy’t op ûndersyk basearre en oan ûndersyk relatearre is en dy’t rekken hâldt mei de taalekology fan klassen en harren omjouwingen en befoarderet sa heechweardige en ynnovative taalûnderwiis. 

De ûntwikkeling fan in Online Platfoarm foar gearwurking tusken ûndersikers en profesjonele refleksje ferskaft in alsidich en iepen digitale omjouwing foar it learen op ôfstân en netwurkje yn de kontekst fan meartaligens. De ynsletten E-Portfolio wurket as in krêftich middel foar sawol ûndersikers op it mêd fan taaledukaasje as taallearkrêften om mei te dwaan yn nuttige profesjonele refleksje dy’t fierder giet as de ynstrumintale feardichheden fan de akademyske dissiplinen en dy’t dêrom iepen stiet foar de tapassing yn elk edukatyf fjild dat direkt of yndirekt mei meartalige ekologyen te krijen hat.

Konsortsium fan ENROPE

The consortium in Tallinn, January 2020

ENROPE is realisearre troch in konsortsium fan njoggen Europeeske partners (acht universiteiten en ien ûndersykssintrum) dy’t in breed ferskaat oan taal en dissiplinen fertsjintwurdigje. It konsortsium wurdt kompletearre troch in grut netwurk fan oansletten partners fan binnen en bûten Europa dy’t it berik en de duorsumens fan ENROPE sawol it hiele projekt troch as nei de tiid fasilitearje.

Ynformaasje oer it projekt

Doer: 09/2018 - 8/2021

Projektnûmer: 2018-1-DE01-KA203-004253

Taseine budzjet: € 372.147
 

Partners:

Goethe-Universität Frankfurt (DE), Humboldt-Universität zu Berlin, (DE - coordinating partner), İstanbul Üniversitesi-Cerrahpaşa (TR), Tallinna Ülikool (EE), University of Exeter (UK), Universitat Ramon Llull Barcelona (ES),  Universität Siegen (DE), Université Sorbonne Nouvelle Paris 3 (FR), Mercator European Research Centre/ Fryske Akademy (NL).

ENROPE Facebook    ENROPE Twitter