ENROPE

e-Portfolio

It ENROPE e-Portfolio is in profesjonele ûntwikkelingstool dy’t spesjaal ûntwurpen is foar taalûndersikers en dosinten om in selfreflektearjend perspektyf te ûntwikkeljen en meartalich te kommunisearjen en gear te wurkjen yn meartalige profesjonele mienskippen. It portfolio is basearre op it ENROPE-kompetinsjemodel en befettet in rige oan taken wêrmei’t brûkers harren fokusje op harren identiteit en ekspertize as ûndersiker en dosint, sadat se elke faze fan harren ûndersyks- en ûnderwiisproses evaluearje kinne.