ENROPE

ENROPE Kompetinsje Model

ENROPE competency model

It ENROPE Kompetinsje Model dat yn ûntwikkeling is definiearret kompetinsjes dy’t junior ûndersikers nei meartaligens nedich hawwe om te foldwaan oan de easken en útdagingen fan ûndersyk en edukative konteksten dy’t hieltyd mear meartalich en multykultureel binne. It berêst op in model dat ûntwikkele is troch Legutke/Schart (2016) dat de profesjonele kompetinsje fan taalleararen definiearret op grûn fan fjouwer kategoryen: taal & kultuer; ûndersyk, lesjaan & learen; koöperaasje & ûntwikkeling; identiteit en rol. (cf. Legutke/Schart 2016: 18) en ferplakt dy nei it ûndersyksfjild. Yn plak fan harren begryp fan profesjonele kompetinsje, brûke wy de term agintskip om te fokusjen op de yndividuele junior ûndersiker en om harren aktiviteiten binnen in bredere sosjale kontekst te pleatsen. Omdat wy ús konsintrearje op meartalige ûndersykskonteksten, hawwe wy de Researcher Development Framework (cf. Vitae 2010) brûkt om de spesifike kompetinsjes te definiearjen fan ûndersikers yn it fjild fan meartaligens. Wylst de binnenste sirkel fan ús model parameters beneamt dy’t relatearre binne oan de ûndersiker sels, fokusje de bûtenste kategoryen op ûndersyk yn in ynternasjonaal ûndersyksnetwurk nei meartaligens (sa’t it bygelyks útfierd is yn it spesifike ramt fan ENROPE). Alle kategoryen hawwe mei-inoar ynteraksje en binne fan inoar ôfhinklik.

Erkenning:
Wy wolle M. Legutke en M. Schart hertlik tankje foar it tastean fan it brûken fan harren model en de Vitae Groep foar de autorisaasje om harren Researcher Development Framework ta te passen.

Referinsjes:
Legutke, M., & Schart, M. (2016). Fremdsprachliche Lehrerbildungsforschung: Bilanz und Perspektiven. In M. K. Legutke & M. Schart (Eds.), Fremdsprachendidaktische Professionsforschung: Brennpunkt Lehrerbildung (pp. 9–46). Tübingen: Narr Francke Attempto. Vitae, Careers Research and Advisory Center (2010): Researcher Development Framework. www.vitae.ac.uk/rdf.